Earste single fan it nije album fan Zea no te hearren.
30 Sep 2025

Op 7 novimber ferskynt de nije, Frystalige plaat In lichem fol beloften fan Zea! Syn prachtige poëtyske lietjes krije op dit album in betoverjende, ritmyske basis fan de sânsealjige Drumband Hallelujah Makkum. De hiel earste single is no te hearren.

In lichem fol beloften wurdt útbrocht op LP, CD, digitaal en as boek troch Makkum Records yn gearwurking mei Subroutine, Explore the North en Popfabryk. De premjêre fan de show mei de sânsealjige drumband is op sneon 22 novimber te sjen op it Explore the North Festival.

Beeld: Annelies Verhelst