Dit binne de jonge talinten fan De Mediakaravaan 2025
5 Sep 2025

De Mediakaravaan, it talintûntwikkeltrajekt fan de Lege Lannen, biedt jonge kultuerjournalisten de kâns om ûnder profesjonele begelieding ferslach te dwaan fan kulturele eveneminten. Femke van de Griendt, Joachim Hoste, Nadia Shutova, Sien Coolsaet, Thijs Lindhout en Vera van der Heijden geane dit neijier nei it TheaterFestival yn Gent en komme ek op 21–23 novimber nei ús festival Explore the North!

De jonge makkers ûntdekke yn dit trajekt hoe’t se oer kultuer skriuwe en podcaste kinne. It is alwer de tredde edysje. Pas (of hast) ôfstudearre minsken mei ambysje yn de kultuerjournalistyk krije sa de kâns om harren feardichheden fierder te slypjen.

Der steane dus moaie ferhalen yn ús programma’s te wachtsjen. Lês mear oer de dielnimmers op de webside fan de lage landen.