We hebben weer nieuw programma toegevoegd aan ons festivalweekend!
VVoor de teatrale audio-foarstelling OPSTAND sprekt teatermakster Marte Boneschansker mei ferskate minsken dy’t yn ferzet komme. Klimaatactivisten, feministen en antirassisme-striders, mar ek anarchisten en boze boeren. Wat beweecht harren om yn aksje te kommen? Fan massademonstraties oant lytse, stille protesten: ferzet is ûnderdiel fan ús minske wêzen. Op sneon 22 novimber te sjen tidens Explore the North Festival.
Yn Alleen een Wonder fertelt de Flaamske skriuwer en teatermakker Johannes Lievens oer immen dy’t rêden wurdt troch in kiwiplant, immen dy’t genekt wurdt troch fiif sifers en immen wierskynlik libben feroare troch in moeting oan de foet fan de Himalaya. Tegearre mei slachspiler Orlan Ghekiere is Johannes koartsichtich op reis, nachtenlang, op syk nei houvast. Op Explore the North Festival sjochst op freed 21 novimber de Nederlânske premjêre fan dizze foarstelling.
Ik ben Funny is in talige soloforstelling mei in heech tempo, in soart Oudejaarsconference on steroids, dêr’t tema’s lykas gender, polityk en seksualiteit yn hels tempo de seal yn smiten wurde. As reïnkarnatie fan de midsieuske nar stelt Funny Bergman de fraach: wa bist asst de tsjustere kant fan dysels omearmst? Wa bisto oars? Dus kom nei Explore the North Festival om mei Funny de jierwikseling al op gepaste wize te fieren op sneonjûn 22 novimber.
Lês alles oer dizze foarstellingen en de rest fan de festival line-up op ús festivalpagina fia de knop hjirûnder!