Explore the North Festival 2025 fynt plak op 21, 22 en 23 novimber 2025. It festivalwykein fan Explore the North is in trijedaagse ûntdekkingstocht fol ferhalen yn ferskate foarmen. Op prachtige lokaasjes yn de histoaryske binnenstêd fan Ljouwert nimme muzikanten, theatermakkers, skriuwers en dichters dy mei yn eigenwize ferhalen, foarstellingen, konserten en mear.

Kaartsjes
Dyn kaartsjes foar it festivalwykein kinne fia ús webshop bestelle wurde. De folsleine festivalûnderfining hast mei it wykeinkaartje wêrtroch’ts trije dagen lang tagong hast ta ús folsleine festivalprogramma. Dêrneist binne ek dei-kaarten te krijen, wêrtroch’ts op freed, sneon of snein tagong hast ta it hiele programma. Foar bern oant en mei 12 jier hawwe wy in spesjaal berneticket en ek foar jongerein oant en mei 25 jier is der in ekstra foardielich ticket. Wy ferkeapje gjin kaarten foar losse programma’s.

Wykeinkaartjes

  • Wykeinkaartjes: €56,-
  • Jongereinkaartjes: €22,50 (13 t/m 25 jier én studinten)*
  • Bernkaartjes: €11,00

Dei-kaarten

  • Kaartje freed 21 novimber: €28,50
  • Kaartje sneon 22 novimber: €33,50
  • Kaartje snein 23 novimber: €28,50

Keapje hjir dyn festivalkaartjes

*Neem dyn studintekaart of identiteitsbewiis mei by it ophâlden fan dyn festivalpolsband.
Let op: It programma, de tiden en lokaasjes binne ûnder foarbehâld.

Festivalbandjes
Om tagong te krijen ta alle festivallocaasje, wikselje dyn ticket om foar in polsbandje. Dit festivalbandje kin ophelle wurde yn ús festivalhart Podium Explore (Bagijnestraat 59) tidens it festivalwykein.

Iten en drinken yn ús festivalhart / Stadshart
Op 21, 22 en 23 novimber kinst fanôf 12:00 oere yn it Stadshart (festivalhart yn Podium Explore, Bagijnestraat 59) rjocht foar in hapke en in drankje. Sa kinst yn ús café restaurant genietsje fan it iten fan 18:00 oant 20:00 oere. Foar lunch bist wolkom fan 12:00 oant 15:00 oere. Dêrneist is it fansels ek mooglik om by oare Explore-lokaasjes wat te drinken tidens it festivalwykein.

It Stadshart sit op ferdjipping 1 yn Podium Explore.

Bereikberens
Ljouwert is goed berikber mei it OV. Fanôf stasjon Ljouwert is it sa’n 10 minuten kuier nei it sintrum en dêrmei de measte festivallocaasje. Parkearje kin yn de parkeergarages fan it Oldehoofsterkerkhof of it Zaailand. Reisst fanôf in oar stasjon mei Arriva? Dan kinst gebrûk meitsje fan in foardielich dei-kaartje.

Rolstoeltoeganklikheid
Byna alle Explore-lokaasjes binne tagonklik foar rolstoelen, útsein Beatriks en Restaurant Baylings. Wy dogge ús bêst om lokaasjes lykas Podium Explore sa tagonklik mooglik te meitsjen: Do helpst ús enoarm as do fia info@explore-the-north.nl fan tefoaren oanjoust dat do komst.

Let op: soms slute de doarren op oanfangstiid
Op Explore the North binne hieltyd mear programma’s te sjen dy’t it bêste folslein sjoen wurde kinne.
Dêrom jouwe wy yn it blokkenschema (en op ús webside per ûnderdiel) oan by hokker programma’s de doarren op oanfangstiid slute.

Taal gjin probleem / Language No Problem
Sprekst gjin Nederlânsk? Dan is der in protte muzyk te belibjen op it festival, mar der binne ek in pear foarstellingen dêr’t taal gjin probleem foarmet: Ivgy&Greben mei Not Yet, Juersson Hermanus – Languo Stories en Nik Rajsek mei KINK. Ek binne der in pear Ingelsk-talige programma’s, lykas URLAND mei Before the Story Starts en it petear mei Édouard Louis.

Expedysjes / kruipdoorsluipdoor-programma op sneon en snein
Dit jier wurkje de expedysjes op Explore the North nét itselde as foarige jierren. Dit programma op sneon en snein bestiet út performances fan 30 minuten. Do kinst it programma sels besykje, mar it is ek mooglik mei te gean mei in gids én tusken troch ferhalen te hearren oer Ljouwert. De oanmelding foar de start fan de trije rûtes (mei gids) op sneon en snein sit ynmiddels fol. Mar dochs kinst nei it earste programma noch wél oanslute by de rûtes ROOD, GROEN en BLAUW. Dêrneist kinst ek sels dyn rûte gearstalle en dit programma op lytse lokaasjes besykje. Mear ynformaasje.

Oanmelden
Foar in pear programma’s moatst dyn plak apart reservearje. Dit giet om: