Kruidkoek & Joost Oomen

Kaartjes

Poëzij saai? Wis net! Kruidkoek en Joost Oomen smite der in amer punkjazz, in amer absurdisme en in amer bernlike selsoverskatting oerhinne – en voilà, ynienen stiest op in feestje by in dichter. Tink oan Jules Deelder, tink oan Anthony Szmierek, tink oan Villa Achterwerk mei in ekstra laachje fan it ien of oar. Der wurdt mei bananen sketten, in pudding wurdt mei in seage te liif gien en do giest kopke-ûnder yn dizze fruchtedrab.

Joost Oomen (1990) is de beruchtste poadiumdichter fan Nederlân en hat optredens dien fan Kaapstêd oant Skiermûntseach en fan de Zwarte Cross oant Into the Great Wide Open. Kruidkoek spile as hyperaktive punkjazzformaasje mannich poadium oan gort en bewiisde ûnderweis dat yngewikkelde konservatoariummuzyk wol deeglik geskikt is om dronken op te wurden. Leausto it net? Kom sels mar sjen.

Sûnt 2019 ramme Kruidkoek en Joost Oomen poëzij en jazz troch de kiel fan it Nederlânske publyk as wie it in swiete lust. En it nuvere is: nimmen klaagt. Sterker noch, der binne al minsken sjoen dy’t de gedichten wurd foar wurd meiblaffe kinne.

Kruidkoek & Joost Oomen is in produksje fan Explore The North.