Boekhâlden saai? Dyn administraasje dwaan in bittere needsaak? Boehoe, do stiest der hielendal allinne foar? No more!
Mei de Boekhâldclub meitsje wy fan ús need in deugd. No ja, yn elts gefal soargje wy foar in stok achter de doar. Tidens de Boekhâldclub yn Podium Explore gean wy op 24 april mei-inoar ús boekhâlding dwaan. Der rinne minsken om dy’t alle boekhâld-fragen beantwurdzje kinne, en as do op “kwartaalaanjefte ferstjoere” klikst, dan stiet der in lekker bierke mei bitterballen foar dy klear.
Dizze Boekhâldclub wurdt organisearre troch Podium Explore en Mooiedingenmakers en elkenien dy’t syn/har/diens boekhâlding noch dwaan moat mei komme!
De Boekhoudclub terug van weggeweest
Freed 24 april
15.00 – 18.00 oere
Fergees entree