Freed 24 april is it tiid foar Circle Session 058 X 038 by Podium Explore!
Dy jûn feroaret Podium Explore yn in waarme wenkeamer fol spoken word. Opkommende spoken word-artysten fan Poetry Circle Zwolle komme op besite en moetsje de talinten fan Poetry Circle Ljouwert. Tegearre bringe se harren nijste teksten, wurden dy’t noch waarm binne fan it skriuwen.
Wy slute de jûn ôf mei in iepen mikrofoan. Elkenien (ja, do ek!) mei it poadium op en de mikrofoan pakke. Ferwachtsje alles wat der bruist yn de nije generaasje fan de spoken word-scene: skerpe metafoaren, aktivistyske wurden, persoanlike ferhalen en in soad leafde.
Poetry Circle is it lanlik platfoarm foar spoken word, mei sirkels yn acht ferskillende stêden. Yn elke stêd komme dielnimmers wykliks byinoar om te skriuwen, te oefenjen en inoar te ynspirearjen. By in Circle Session komme twa sirkels byinoar en einiget de jûn tradisjoneel mei in iepen mikrofoan dêr’t elk talint wolkom is. It perfekte plak om poadiumûnderfining op te dwaan én nije artysten te moetsjen.
Freed 24 april komt de sirkel út Zwolle nei Ljouwert, en foar Poetry Circle Ljouwert steane op it poadium: Ace, Aïsha, Aline, Brigitte, Cis, Daria, Emily, Esmee, Froukje, Gaia, Julian, Lotte, Nashara en Zee.
Circle Session 058 X 038
Datum: Freed 24 april
Tiid: 20:30 – 22:00 (doarren iepen om 20:00)
Lokaasje: Podium Explore
Fergees tagong (reservearje hjir dyn plakje)