Wat lêststo oer froulju? Of fan froulju? Mei froulju?
Tidens dizze edysje fan Oer froulju (mei froulju m/x/f) sille wy inoar boeketips jaan! Want neat is leuker as entûsjaste ferhalen te hearren oer wêrom’t wy krekt dát boek oer frouljusrjochten of dat boek oer Lady Gaga of dat oare, oer alles wat ús allegear net leard wurdt oer menstruaasje, lêze moatte. En boppedat: sa koart foar Ynternasjonale Frouljusdei én de Boekeweek kin it grif gjin kwea om tiid frij te meitsjen foar boeken oer, fan en mei froulju!
Wy hawwe al in pear boekbesprekkers klear stean dy’t dy ferrasse sille mei wichtige, oandwaanlike mar ek hilaryske ûnderwerpen, mar der is seker ek romte foar dy! Nim dus foaral sels ek in boek mei dêr’tst graach wat oer fertelle wolst. Bist gjin ferteller mar wol in lêzer? Hielendal goed! Do kinst ek gewoan komme om te lústerjen, en dêrnei in drankje dwaan, troch boeken blêdzje, neiprate of… gewoan lekker lêze. dbieb soarget foar in hiele stapel lêsmateriaal!
OER FROULJU – mei froulju (x/f/m)
Freed 6 maart
20.30 – 22.30 oere
Fergees tagong
Jûnsiten yn it kafee
Ek dizze freed kinst fan 18.00 oere ôf by ús terjochte foar in 3-gongendiner foar €25,-. Reservearje kin troch in mail te stjoeren nei horeca@explore-the-north.nl.