Annemarie Lindeboom - Instantané (albumrelease)

Podium Explore Pay What You Choose (€6-€16)

Wannear hasto foar it lêst écht stilstien? Net om te reagearjen. Net om in miening te foarmjen.

Instantané is in show dêr’t muzyk, tekst en byld byinoar komme yn in rûge, dystopyske wrâld. Lit dy meinimme yn dizze wrâld sûnder ferhaal, mar mei losse mominten. Mominten dy’tst miskien werkenst — of dy’t pas letter op harren plak falle. Instantané is in bombastyske oefening yn stilstean.

“Ik belibje de tiid wêryn’t wy libje as in perioade mei mar bytsje romte foar refleksje. Dat sjoch ik werom yn hoe fluch wy konklúzjes lûke oer oaren, oer situaasjes en oer hoe’t de wrâld wêze moatte soe. It fielt faak as wie alles swart-wyt wurden, wylst it libben krekt út folle mear kleuren bestiet.

Begryp foar in oar begjint by begryp foar dysels. Dêrfoar is tiid en romte nedich. No fielt it faak as wurde ús kleurpotleaden ôfnaam: wy moatte benammen fluch nije linen sette, sûnder de tiid te nimmen om se mei ús eigen kleuren yn te kleurjen.

Dat kleuren begjint foar my by it werkennen fan mominten fan betsjutting: lytse of grutte mominten dy’t sûnder datst it merkst ynfloed hawwe op hoe’tst yn it libben stiest. Troch dêr bewust by stil te stean, ûntstiet der romte foar nuance en foar oare reaksjes as de earste.

Dizze plaat / foarstelling is gjin útlis en gjin antwurd, mar in útnûging. In oefening om efkes te fertragen en wat mei te nimmen dat miskien pas letter betsjutting kriget.” – Annemarie

Annemarie Lindeboom – Instantané (albumrelease)
27 maart 2026
Ynrinnen: 20.00 oere
Start: 20.30 oere
Pay What You Choose (€6-€16)

Jûnsmiel yn it kafee
Ek dizze freed kinst fan 18.00 oere ôf by ús terjochte foar in 3-gongen jûnsmiel foar €25,-. Reservearje kin troch in mailtsje te stjoeren nei horeca@explore-the-north.nl.