Woorden op Woensdag

Podium Explore
Podium Explore
Fergees

Eltse earste woansdei fan ’e moanne is it kafee fan Podium Explore de húskeamer fan elkenien dy’t him- of harsels dichter neamt of neame wol (en al harren freonen). Gean lekker sitten, nim in kopke tee en lit dy ferrasse! Op dit poadium steane skriuwers mei jierrenlange ûnderfining en skriuwers dy’t foar it earst foardrage gewoan njonkeninoar. En mei ‘skriuwers’ bedoele wy dan dichters, muzikanten, kollumnisten, rappers, romanskriuwers, mimespilers of oare artysten dy’t passe op ús 6 kante meter poadium. Woorden op Woensdag is foaral in besykpoadium, dêr’t dingen dus ek mislearje meie.

Fêst slute wy ôf mei in iepen mik, dêr’t elkenien dy’t dêr nocht oan hat gewoan it poadium oprinne kin. Underwilens is in gesellich harkpublyk in garânsje, krekt as lekkere tee (of wyn), baarnende kearsjes en de meast útienrinnende gedichten.

Dus kom ek del, lit dy ferrasse of doch sels de stoute skuon oan en beklim it poadium!

Woorden op Woensdag
1 april 2026
20.00 – 22.00 oere
Podium Explore
Tagong fergees