In muzikale, persoanlike en yntime teäterfoarstelling fan en troch Marlies Ruigrok
“‘Wat tinksto dat it lûd fan iis is?’ frege in man my trije jier lyn by in moeting ûnder myn earste lange kuier. It is ien fan de moaiste fragen dy’t ik ea heard haw en dy fraach hat de lêste jierren mei my meikuierd. It is it begjinpunt fan dizze muzikale fertelling.” – Marlies
It iis stiet symboal foar de beskermjende, hurde bûtenlaach fan ússels. Wat komt der tefoarskyn as dy boppeste laach smelt? As wy dat wat beferzen is yn ús ûntteie litte? Doarre wy los te litten wêr’t wy miskien krampachtich oan fêsthâlde. Hokker wetters, ierlagen en kleuren komme tefoarskyn?
En hoe klinkt it? Is it in lûd út it ferline? Fan djip weiwurden dielen fan ússels, fan dat wat ferburgen bliuwe moat? In lûd fan ferset, of in lûd fan de takomst? In stim fol langstme? Nei wat nijs dat ûntstean kin? In lûd – fan werberte?
Marlies hat de ôfrûne jierren ferskate lannen te foet bereizge. Mei fjouwer kilometer yn ’e oere troch útwreide Spaanske lânskippen, kuierjend troch it mystike Yslân en meanderjend troch New York en it ûnûntdutsen Sintraal-Aazje. Se rekket ynspirearre troch ferskillende kultueren, minsken, kleuren en rituelen – Marlies fielt har thús yn it ûnbekende. Yn dizze muzikale fertelling omearmet se de rykdom fan dizze ferskate ynspiraasjeboarnen, likegoed as har eigen artistike mearsidichheid. Uteinlik lit se alles gearsmelte ta in muzikaal narratyf oer identiteit, transformaasje, it oprekken fan grinzen en it ûntdekken fan nije gebieten yn dysels.
Ferwachtsje in hypermuzikale, kleurrike en enerzjike foarstelling wêryn muzyk, taal en foarmjouwing gearsmelte ta in bysûnder teäterritueel.
“Maybe the journey isn’t about becoming anything.
Maybe it’s about unbecoming everything that isn’t really you,
so that you can be who you were meant to be in the first place.” – Paulo Coelho
“Ruigrok is een sterke theatrale persoonlijkheid en begenadigd zangeres. Ze weet met alle genres raad en is een genot om naar te luisteren.” – Theaterkrant
Oer Marlies
Elkenien dy’t ea in foarstelling fan Marlies sjoen hat, komt werom. Har yndrukwekkende sjongstim, meislepende wize fan fertellen en har waarme en útnoegjende ynteraksje mei it publyk soargje derfoar datst gjin foarstelling fan har misse wolst. It wurk fan Marlies is trochsiedde fan in langstme nei in grutte yntinsiteit fan it libben. Se hat in eigenwize styl fan teätermuzyk meitsjen, op it snijflak fan eigentiidske wrâldmuzyk, pop en chanson, mei treffende lietteksten. It is dynamysk, poëtysk, ûndersykjend en altyd tichtby.
Mei har ôfstudearfoarstelling wûn Marlies de Entreepriis op Festival Boulevard. De ôfrûne jierren makke en spile se de súksesfolle lokaasjeforstellingen De Kleur Oranje en Sobremesa yn gearwurking mei Makershuis Alkmaar/Karavaan, dêr’t se fêst makker is. Ek brocht se har EP Papel út, wêrmei’t se de oandacht luts fan Nederlânske radiostasjons lykas NPO Radio 1 en 5.
De Klank fan Iis is it tredde (autonome) diel fan Marlies har trijelûk oer transformaasje en tagelyk har debút yn de teäterseal. Earder song Marlies yn ferskate ynternasjonale projekten, ûnder oaren by The Kyteman Orchestra, Collectief Wunderbaum, Paco Peña en Het Muziek (foarhinne Asko|Schönberg Ensemble).
Credits
Fan en troch Marlies Ruigrok
Rezjy Ruut Weissman
Multi-ynstrumintalist n.t.b.
(Liet)teksten Antoine Uitdehaag, Marlies Ruigrok e.o.
De Klank fan Iis is in koproduksje mei Makershuis Alkmaar/Karavaan en wurdt makke yn it ramt fan Oproer.