It festivalwykein fan Explore the North is in trijedeiske ûntdekkingsreis fol ferhalen yn allerhanne foarmen. Op prachtige lokaasjes yn de histoaryske binnenstêd fan Ljouwert nimme muzikanten, teatermakkers en dichters dy mei yn eigen(sinnige) ferhalen, foarstellingen, konserten en mear.
Helje hjir dyn alderearste wykeinkaartsjes foar Explore the North 2026 foar mar € 38,50. Dizze binne oant en mei 31 desimber 2025 beskikber. Sochsto ús festivalwykein? Folje hjir ús fragelist yn en meitsje kâns op 2 wykeinkaartsjes foar ús festival yn 2026.
Deikaarten foar Explore the North 2026 geane yn septimber yn de ferkeap. Explore the North ferkeapet gjin kaartsjes foar losse programma’s.

Foargeande edysjes
Benijd nei wat der de ôfrûne jierren op it programma stie? Sjoch werom op alle festivale-edysjes yn ús argyf..