Trije wykeinen lang organisearren wy yn it Stadshert in waarme ynrin foar ynwenners, (festival)besikers en elkenien dy't ferlet hie fan in portje hoop yn betiizjende tiden. De nije data foar it Stadshert 2026 meitsje wy bekend sadree’t wy dy witte.
Studio foar wurd, daad & disco
Yn it Stadshert komst talige, feestlike, kulturele en muzikale ferrassingen tsjin: in ferhaal dat immen foar it earst lûdop dielt, in gerjocht dat tinkt oan thús yn ús pop-up restaurant, en noch folle mear. It grutste part fan it programma is fergees te besykjen. En ek as der efkes neat pland stiet, bist fan herte wolkom foar in drinkje, in goed petear, lekker lêze of in slieperke. It Stadshert-programma ûntstiet yn gearwurking mei de protte kulturele en literêre inisjativen dy’t Ljouwert ryk is. Dwaal nei binnen, ûntdek nije ferhalen, moetsje nije freonen (fan jong oant âld) en boppe-al: hâld dyn klompkje hoop goed fêst, sadat it dy noch lang waarm hâlde kin.
Tidens it festivalwykein is it Stadshert dé plak om dyn festivalgenoaten te moetsjen en in hapke te iten.