Alexander Moto

Festivalwykein
De Beatriks
Kaartsjes


It is echt, dus alles mei
Alexander Moto is in ferhaleferteller en rapper mei ûntwapenjende earlikens. Ut syn brein is de lêste jierren in hielal ûntspruten dêr’t alles njonken-inoar bestean kin: fan ferstilde “kleinkunsthiphop” oan ’e piano oant stuitsjende meespringtracks mei trije biljún doses swag. Yn it Nederlânsk, Frysk of wat der tuskenyn sit. It is echt en earlik, dat Moto-brein, dus alles mei.

Fanút Ljouwert brocht er ûnder oaren it album Radiostilte op Iselmar (2020), de Frysk­talige EP drakeënerzjy en de mixtape rups (2024) de wrâld yn – mei sukses, sawol yn ’e regio (hy wûn dit jier ûnder oaren de Bernlefpriis) as derbûten. Op ús festival sjochst him yn de Beatriks, tegearre mei DJ én VJ.