As oft de sneon noch net genôch op ’e kop stie, sleure wy dy nei (en tidens) it lêste optreden fleurich mei de nacht yn. Yn ús hiele gebou dûke dj’s op om de boel noch efkes lekker fierder te ûntregeljen:
Chaotyske high-bpm sets fol seksy, ûnpolijst en ûnfoarspelbere bangers to bang to!!! Rat Boyfriend is de konseptuele gearwurking tusken gay bff’s Tim [DJ Faptax] en Jens [FL1KK3R#1], ek it duo efter de Flikkerdisco-comeback yn VERA. Ongedierte efter de decks, net fuort te jeien mei in fleske drek.
Famke Helsema beweecht har soepel tusken post-punk, alternative dance en indie, mei de dansflier as middelpunt. Har sets binne ferrassend, enerzjyk en yndrukwekkend rytmysk: fan gruizige baslinen oant glinsterjende synths. By Famke giet it net om sjenres, mar om muzyk dy’t dy losbrekt.
SUF en Matthijs Hovestadt, in muzikaal duo mei in hert foar de groove. Mei in ferfine seleksje fan house-, acid- en technotracks nimme se dy mei werom nei de jierren ’90. Ferwachtsje in jûn fol sekuer gearstalde muzyk dy’t dy grooven lit.
Podium Explore – Café
Rat Boyfriend
00:30 – 01:30
Podium Explore – Het Loket
SUF B2B Matthijs Hovestadt
22:30 – 01:30
Podium Explore – Atelier
Famke Helsema
22:30 – 00:00