Stedshert: NOORD Artist Showcase 

Stedshert FERGEES

Foar’tst it witst spylje se op Eurosonic, yn in Jeropeeske haadstêd of op in doarpstsjerkhôf yn Sloveenje.

Mar no steane se earst noch gewoan hjir, yn it Stedshert: follebelovjende artysten út it NOORD-netwurk, de klup dy’t makkers tarist op in profesjonele karriêre yn de muzyk.

De NOORD Artist Showcase is in staalkaart fan oankommend talint út de programmearlinen Go!, Hit the North en Up North. Artysten dy’t noch efkes in thúswedstriid spylje foardat se útflje mei nije sounds, fet poadiumpresintaasjes en ambysjes dy’t fierder rikke as ús lânseinen.

Kom sjen en lústerje nei Katie Koss, Johnny Loves Me en Moonloops – al wie it allinnich mar om’tst oer in jier nei alle gedachten in flinke yngongpriis betelje moatst om dizze lokale helden op de mainstage te sjen.

NOORD is in gearwurkingsferbân fan Popfabryk, Keunst en Kultuer Drinte, POPgroningen, Noordstaat en Eurosonic Noorderslag. Tegearre sette sy de skouders ûnder duorsume talintûntwikkeling foar jonge, opkommende, talintfolle kultuermakkers yn de hiphop- en popkultuer. De NOORD Artist Showcase is yn gearwurking mei Friesland Pop.

Oer it Stedshert
Fan 5 o/m 23 novimber feroaret Podium Explore yn it Stadshert. Elts middeis organisearret in oare lokale scene of community in DIY-sesje ûnder de namme Studio Stadshert. De iene dei kinst as besiker gitaarpedalen solderje, de oare dei learst hoe’st dyn eigen sûrdeegstarter makkest. En dan jûns lekker bykomme mei bandtsjes, lêzings en foarstellings!

* It hiele Stadshert-programma is fergees tagonklik, útsein Dood Paard – 3 x from Moscow + 🖤.

Is der dan ek wat te iten?
Jawis. Pop-up-restaurant De Voedselbar servearret lunch, jûnsmiel en all-day snacks. It Stadshert is dus ek gewoan dyn favorite kafee, mar dan sa’nien dêr’t altyd wol wat tofs te dwaan of te sjen is. En wêr’st maklik yn kontakt komst mei allerhanne kreative sênes, buertbewenners, freonen en community’s út de regio. Eltse dei iepen fan 12.00 oant 00.00 oere!