Stedshert: GLITCH

Stedshert FERGEES

The people united will never be defeated! ‘

Under dat motto organisearret it GLITCH-kollektyf syn lêste clubnacht fan it jier – en wol by ús, yn it Stadshert.

Rebeljearje, fyn hoop en fyn inoar op de dûnsflier.
Boos oer de steat fan ’e wrâld? Do bist net allinne. Dûns it derút op quirky, upbeat elektroanyske muzyk, tegearre mei performers en ljochtkeunstners dy’t romte meitsje foar frijheid en selsútdrukking.

👉 Belangryk: dizze jûn hat in no-camera-policy.

GLITCH is in kollektyf mei in DIY-mentaliteit dat mei ynterdissiplinêre en konseptuele clubnachten ferbining soarget mei de LHBTIQ+-mienskip fan Ljouwert.
Se meitsje op unike lokaasjes eveneminten dy’t ynspirearje, prikkelje en it ûnike fieren



Oer it Stadshert

Fan 5 o/m 23 novimber feroaret Podium Explore yn it Stadshert. Elts middeis organisearret in oare lokale scene of community in DIY-sesje ûnder de namme Studio Stadshert. De iene dei kinst as besiker gitaarpedalen solderje, de oare dei learst hoe’st dyn eigen sûrdeegstarter makkest. En dan jûns lekker bykomme mei bandtsjes, lêzings en foarstellings!

* It hiele Stadshert-programma is fergees tagonklik, útsein Dood Paard – 3 x from Moscow + 🖤.

Is der dan ek wat te iten?
Jawis. Pop-up-restaurant De Voedselbar servearret lunch, jûnsmiel en all-day snacks. It Stadshert is dus ek gewoan dyn favorite kafee, mar dan sa’nien dêr’t altyd wol wat tofs te dwaan of te sjen is. En wêr’st maklik yn kontakt komst mei allerhanne kreative sênes, buertbewenners, freonen en community’s út de regio. Eltse dei iepen fan 12.00 oant 00.00 oere!