Mona Thijs, Zindzi Tillot Owusu, Charlotte Westra en Jaimy Hindriks - De Herontdekking van Ella Wassenaer

Festivalwykein Keapje kaartsjes

Fjouwer jonge skriuwers earje Fryske, froulike pionier
De Verwonderkamer is in jierliks weromkommend residinsjeprojekt wêrby’t Flaamske en Noard-Nederlânske skriuwers – yn opdracht fan deBuren en Explore the North – gearwurkje oan in bysûndere foarstelling. Zindzi Tillot Owusu, Mona Thijs, Charlotte Westra en Jaimy Hindriks bringe foar dizze edysje de fergetten stim fan de Fryske dichter Ella Wassenaer ta libben.

Ella Wassenaer, dy’t yn 1955 as ien fan de iennige froulike Fryske dichters it eksperimint oangie mei har bondel Reade Runen, waard troch resinsinten ûnterjochte bekritisearre. Ella wie nammentlik net allinne as foarmfirtuoas in wiere pionier, se wie ek in dichter pur sang dy’t de frou as ûnderwerp sintraal doarde te stellen yn in sterk datearre, Fryske omjouwing. Fjouwer jonge literêre makkers dûkten djip yn har wrâld, om dêrwei in foarstelling te skriuwen dêr’t se har ynterpretaasjes fan har wurk yn presintearje. Se krigen dêrby help fan ûnder oaren Albertina Soepboer, dichter, skriuwer en kenner fan Ella’s wurk. Zindzi, Mona, Charlotte en Jaimy earje net allinnich Ella’s poëzy, se jouwe ek in lûde stim oan alle ferjitten, skriuwende froulju fan doe en no. Nei dizze stim moat mei weromwurkjende krêft mar ris serieus harke wurde!

De Verwonderkamer is in talintûntwikkelingstrajekt fan Vlaams-Nederlands Huis deBuren (Brussel) en Explore the North. Alle jierren komme Fryske en Flaamske skriuwers mei-inoar yn’e kunde by in residinsje yn Ljouwert. Sy meitsje mei-inoar in nij (poadium)wurk dat presintearre wurdt by Explore the North Festival.