De moed om te bliuwen bewegen
Ynspirearre troch in myte dêr’t Afrikanen harren frijheid weromkregen troch werom te fleanen nei harren heitelân, lit choreograaf Juersson Hermanus hiphop, Afro-Kurasáoske ritmes en eigentiidske bewegingen naadleas gearrinne. Luango Stories ferkent de yngewikkelde lagen fan migraasje.
As fuortgean de iennige opsje is om te libjen – wat betsjut frijheid dan eins?
Miskien is frijheid gjin bestimming, mar de moed om te bliuwen bewegen.
Oer de artyst
Juersson Hermanus is hiphop-teatermakker en dûnser. Syn wurk ûndersiket kulturele identiteit, skiednis en lichemstaal, djip woartele yn syn Afro-Kurasáoske eftergrûn.
Hy wurke ûnder oaren gear mei X_YUSUF_BOSS, Club Guy & Roni en it Wabi Sabi Teater, dat mei de foarstelling Terecht – wêryn Juersson te sjen wie – in Jonge Zwaan wûn foar de meast yndrukwekkende jeugddûnsproduksje.
Mei syn debútsolo Yu di Kòrsou sette er in krêftige toan, dêr’t frijheid, ferset en mienskip sintraal yn steane. Dy foarstelling foarme in wichtich keunstsinnich begjinpunt foar syn fierdere ûntwikkeling.
Juersson is artistyk lieder fan it kollektyf Luango Stories, dêr’t er ferhalen mei fertelt dy’t tekene binne troch moed en ferbûnens.
Op it stuit docht er mei oan Station Noord, in trijejierrich ûntwikkeltrajekt dêr’t er him net allinnich artistyk ferdjippet, mar ek groeit as makker en artistyk lieder. Dêr ûntwikkelet er nij wurk dêr’t hiphop, tradisjonele muzyk en hjoeddeiske dûns yn gearkomme.
Dit projekt is ûnderdiel fan de Station Noord Hub, dêr’t Explore the North jierliks talintfolle makkers út dit netwurk presintearret yn ’e festivalperioade.
Credits
Juersson Hermanus yn gearwurking mei
Utfierders: Ryan Berg & Andrew Berg
Muzyk: Geronimo Chancoso & Oscar Hoppen
Kostúmstyl: Shannon Weekers
Trailer: Ishak Sahertian
Foto’s: Tessa van de Vorstenbosch en Cynthia Celeste
Mei tank oan: Station Noord