De dea? Pak it by de ballen
RÓIS – berne as Rose Connolly yn it Noard-Ierske Fermanagh – stiet op it poadium yn it swart klaaid en mei hollebedekking. Hast net te sjen as persoan, mar teminsten safolle oanwêzich as stim. Mei dy stim blaast se in âld-Ierske tradysje nij libben yn: caoineadh (‘keening’), klaaglieden dy’t yn it pre-kristlike Ierlân troch froulju songen waarden by it waken. Har betoverjende sang wurdt fergelike mei Björk, Meredith Monk en Hatis Noit.
In frou yn it swart dy’t oer de dea sjongt – dat klinkt net fuort as in fleurich feestje. Mar skyn bedriegt: RÓIS (útspraak: raswh) makket fan swiere tema’s as dea, libben en rou krekt in ferrassend suverjende ûnderfining. Mei synthesizers, beats en drones lûkt se in âld-Iersk gebrûk hielendal nei it no. Boppedat makket se fan rou fan har shows iets datst tegearre meimeitsje kinst, yn stee fan datst der allinnich mei wrakselje moatst.
Foar wa’t jokte kriget fan tefolle spiritueel gedoch: RÓIS omskreau har wurk ris prachtich op syn Iersk as “to grab both life and death by the bollocks. De dea? Dy pakke wy by de lurven – leafst mei it moaiste dat wy hawwe: keunst, kultuer en inoar.