Kern Koppen - KAMIKAZE COPILOOT

Festivalwykein
Explore the North Festival 2025
Kaartsjes

Turbotrip lâns de geast fan de tiid

Hoe giet it eins echt mei de minsken? Wat slommet der ûnder de hûd? En falt der eins noch wat te dreamen? Yn Kamikaze Co-piloat rekket Kern Koppen op ’e nij de grinzen fan spoken word op. Fol fjoer spuit tekstdichter Guus van der Steen in eigensinnege miks fan poëtysk ferpakte anekdoates, skurende raps en dichterlike analyses de wrâld yn. In ûndersyk nei de geast fan de tiid, mar dan ien dêr’st noflik mei de holle boppe kinst. Stil sitte is der net by mei de knisterjende hiphopbeats dy’t it kollektyf meibringt nei it poadium.

Earder hie Kern Koppen lanlik súkses mei de foarstelling STOMP. Mei dit teaterdebút stampten de ‘famylje Turbotaal’ eigenhânnich in nij sjenre út ’e grûn, bygelyks troch spoken word te mingen mei harkspul-achtige samples. Dus fasten your seatbelts foar wer in kear teaterynovaasje, dizze kear lâns de rafelrânen fan it hjir en no. Of lit dy gordel mar lekker stean foar de rauwe ûnderfining. Fan de crew mei it!

Taal: Nederlânsk