Woorden op Woensdag

Podium Explore
Podium Explore

Ljouwert stie troch it Explore the North Festival efkes hielendal op ’e kop, mei artysten dy’t de rúten trilje lieten, triennen rinne lieten en djipfrieze ierappelstôkjes (bepaal sels mar oftst friet of patat seist) iten fan in hiel grutte tafel. It wie ien grut feest, en foar elkenien dy’t fan poëzy of literatuer hâldt wie it in wykein om leaf te hawwen! Mei in folle ynspiraasjetank kinst sa trochhobbelje nei kommende wike woansdei, mar ek as ast it festival per ûngelok dochs mist hast, bist fansels mear as wolkom om del te kommen. Woansdeitejûn 3 desimber is it poadium wer gesellich iepen foar elkenien. Der komme trije geweldige dichters en in like geweldige muzikale artyst, dus kom wer lekker lústerjen yn Poadium Explore!

It hearlik jûnke is der al hast wer… En dan bedoele wy fansels de pre-party fan pakjesjûn: Wurden op Woansdei! Kommende woansdei kinst wer genietsje fan prachtige poëzy en lústerlietsjes yn Poadium Explore. Lis dy lekker del en genietsje fan Gaia, Dien, Mischa en Doutzen. Wy slute de jûn wer ôf mei in iepen mic, dêr’t ek do hearre litte kinst wat der op dyn planke leit. En as dy planke no noch leech is, mar ast him graach fol ha wolst, sels dan bist útnûge: ynspiraasje krijst grif! Oant woansdei allegearre!

Elke earste woansdei fan de moanne is ús kafee de húskeamer foar elkenien dy’t him- of harsels dichter neamt of neame wol (en al harren freonen).

Kom lústerjen nei de moaiste gedichten, foardrachten, lietsjes en ferhalen fan ús gast-artysten. En dêrnei is it poadium wer iepen foar elkenien by de iepen mic, dus asto in gedicht hast dat heard wurde moat, dan is dit dyn kâns!

Ynrin: 19:30 oere
Start: 20:00 oere
Ein: 21:30 oere
Yntree: fergees