Fan 5 oant en mei 23 novimber feroaret Podium Explore – de thúsbasis fan Explore the North – yn it Stedshert. Trije wykeinen lang organisearje wy in iepen hûs foar ynwenners, (festival)besikers en elkenien dy’t ferlet hat fan in portie hoop yn betiizjende tiden.
Fergees programma by Podium Explore
Yn it Stedshert komst taalige, feestlike, kulturele en muzikale ferrassingen tsjin: in ferhaal dat ien foar it earst lûdop dielt, in gerjocht dat oan thús tinkt yn ús pop-up restaurant – en noch folle mear. It grutste part fan it programma is fergees by te wenjen (útsein de foarstelling fan Dood Paard op 7 novimber). En ek ast efkes gjin programma sjochst, bist fan herten wolkom foar in drankje, in goed petear, lekker lêze of in slieperke. It Stedshert-programma ûntstiet yn gearwurking mei de protte kulturele en literêre ynisjativen dêr’t Ljouwert sa ryk oan is. Dwalje nei binnen, ûntdek nije ferhalen, moetsje nije freonen (fan jong oant âld), en foaral: hâld dyn klompke hoop goed fêst – sadatst dy der noch lang mei waarmje kinst.
De krekte datums, tiden en it earste programma meitsje wy ynkoarten bekend. Tidens it festivalwykein op 21, 22 en 23 novimber is it Stedshert ít plak om dyn mede-festivalbesikers te moetsjen en in hapke te iten.