Foto-expo Marije Kuiper

Fotografe Marije Kuiper gong spesjaal foar Explore the North yn 2011 op syk nei it noardlike gefoel – it gefoel dat dreech te beskriuwen is, mar dat in protte minsken fiele, nei werom wolle of as ynspiraasjebron brûke. De syktocht nei it noardlike gefoel waard ûndersocht troch it portrettearjen fan Noarderlingen dy’t úting joue oan dat noardlike gefoel, dy’t it noardlike gefoel fiele of opsykje. Yn opdracht fan Explore the North fotografearre en ynterviewde se ferskate “Noarderlingen”. Eltse wike ferskynt in nij portret mei in lyts ferhaal fan in Noarderling op ús webside. De exposysje wie tiidens it festival te sjen yn de Grote Kerk.