In online petear mei Arnon Grunberg, Alicja Gescinska, Warda El-Kaddouri en Dean Bowen.
Under lieding fan skriuwer Arnon Grunberg ûndersykje filosoof Alicja Gescinska, sjoernalist Warda el-Kaddouri en dichter Dean Bowen de rol fan hoop yn de wurking fan de demokrasy. Tiidens in Zoom-moeting mei publyk op moandei 31 jannewaris 2022 geane sy mei elkoar yn petear. Dêrnei is der (oan it ein fan it petear) romte om as publyk mei te praten of fragen te stellen.
Oer Hoop en Demokrasy
De demokrasy is in kwetsber polityk stelsel dat stuolle is op fertrouwen. Wy libje yn tiiden dêr’t grutte groepen minsken dat fertrouwen ferlieze, wylst tagelyk de rop om idealistyskere polityk sterker wurdt. Mar hoe wurket hoopfolle retoriek anno 2021 yn de demokrasy? Wat is nayf en wat daadkrêftich – en is dat oars op links as op rjochts? En hoe oprjocht kin dy retoryk wêze yn it ljocht fan ûnder oare de klimaatkrisis?
Op basis fan it petear en oar ûndersyk skriuwt Arnon Grunberg in essay oer dit tema yn opdracht fan deBuren en Explore the North.
Beeld credit: Sander Voerman