Iris Dicke

Iris Dicke

Iris Dicke (Ljouwert, 2005) folge fiif jier lang skriuwlessen by de Jonge Schrijvers fan Explore the North en Meeuw Jonge Theatermakers. Fanút hjir skreau se teksten foar ûnder oaren Toen Rijst Nog Jong Was (2021), Het Arrivacomplot (2022) en De Kapsalon (2023). Oant febrewaris 2023 folge Iris lessen oan jeugdteaterskoalle Meeuw en spile se mei yn ferskate produksjes, wêrûnder Schreeuwen in een Weiland dat yn it ramt fan Arcadia makke waard. Ek die se mei oan it DBLab fan Dichter bij Leeuwarden en de ûntwikkelingstrajekten BROEI en Tweespraak. It lêste trajekt levere har in premjêre op OEROL op mei de foarstelling Gepiekt op de middelbare school (yn gearwurking mei Hedzer Seffinga en Julian Rinsma). Sûnt septimber 2023 sit Iris op de toanielskoalle yn Arnhem.

Projecten