3x OPROER in Podium Explore
4 Feb 2026

Wolsto graach opkommende teätermakkers as earsten ûntdekke? Kom dan nei ús OPROER-foarstellings! Binnen OPROER sjochst makkers dy’t it poadium opskodzje mei nij wurk, aventoer en ynterdissiplinêre foarstellings dêr’t muzyk, teäter, dûns en/of spoken word en literatuer yn gearsmelte! Wy hawwe no in spesjaal kaartsje wêrmei’tst de kommende trije OPROER-foarstellings foar mar €15 besykje kinst.

Dizze foarstelling kinst mei dit kaartsje besjen:

Oer OPROER
OPROER is in netwurk fan ferskate teäters troch hiel Nederlân. Binnen OPROER presintearje nije teätermakkers farske foarstellings oan in nij publyk. Sa sjochst by Podium Explore de jongste talinten út it hiele lân mei aventoerlik en ynterdissiplinêr wurk! Benijd nei de earstfolgjende trije foarstellings binnen dit programma? Dan kinst no in OPROER-kombikaartsje keapje; dêrmei sjochst foar mar €15 de ûndersteande foarstellings.