Yn de binnenstêd fan Ljouwert binne ferskate nasjonaliteiten yn de restaurantsektor. Hoewol’t in protte minsken yn dizze eksotyske etablissementen út iten gean, binne de minsken achter de skermen faaks ûnbekend. By poppodium Neushoorn (festivalsintrum fan Explore the North 2016) sitte sels ferskate saken neist inoar, ûnder oaren in Sinees, in Argentijn en in Turk. Explore the North frege Jori Stam, Esmé van den Boom en Lilian Zielstra yn 2016 in skoft mei te rinne yn dizze restaurants, om dêr in reportage oer te skriuwen. Op Explore the North 2016 droegen de skriuwers dizze teksten yn de restaurants sels foar, folge troch in kompilaasje fan de teksten yn de Friesche Club.
Restaurants:
Chinees: Kota Radja
Argentijn: El Toro
Turks: Dunya Döner
Skriuwers:
Esmé van den Boom, Lilian Zielstra, Jori Stam
DE FERHALEN
- Lês hjir it ferhaal fan Esmé van den Boom: Autobiografyske aierskallen en Koerdiske kebab.
- Lês hjir it ferhaal fan Jori Stam: El Toro.
Lês hjir it ferhaal fan Lilian Zielstra: Thúslân.