Arjan Kruidhof, Lân Fan Taal & Explore the North - De Relaxerette

De Relaxerette fan keunstner Arjan Kruidhof is in rûndraaiende ynstallaasje dy’t dy meinimt nei in oar perspektyf. Do leist yn in hangmat en sjochst nei de wolken. Pak in koptelefoan en slút dyn eagen. Harkje nei ferhalen en lûden dy’t dyn tinzen foar in momint stilsette. Kies foar de werveljende wurdenstream fan Marc van der Holst, de melancholyk fan Marieke Lucas Rijneveld of foar ien fan de oare ferhalen, skreaun troch Jamila Faber, Heksenhamer en Pieter van der Sman. Jolle Roelofs makke spesjaal foar de Relaxerette in soundscape dy’t dy in bytsje fuortlûkt út dizze oerfolle wrâld.

Yn 2018 toerde de Relaxerette langs ûnder oaren Oerol, Oranjewoud Festival, Simmerdeis, Noorderzon, Admiraliteitsdagen en fansels Explore the North sels. Nei it sukses yn 2018 toerde De Relaxerette yn 2019 oer de hiele wrâld en die docht dêrby ûnder oaren it SIFA-festival yn Singapore!

“Lizzend yn in hangmat, mei in koptelefoan op ‘e holle, sweve de earste ynsitters rûn yn in wrâld fol lûden en ferhalen.”
– HET FRIESCH DAGBLAD

YouTube link