Woorden op Woensdag

Podium Explore
Explore the North
Entree Fergees!

Bisto der klear foar om 2026 te begjinnen mei wat hurde klappen? (En dan bedoele wy net fan dy tûzenklappers, mar gewoan in hiel hurd applaus foar poëzij). 👏👏👏 Kom dan op de alder-earste woansdei fan it jier nei Woorden op Woensdag! Harkje nei in gedichtsje, meitsje in praatsje, drink in drankje, pink in trienke fuort. 🤩 Wy sjogge dy hiel graach yn Podium Explore!

Eltse earste woansdei fan ’e moanne is ús kafee, de húskeamer fan elkenien dy’t himsels dichter neamt of neame wol (en al harren freonen).

Kom de moaiste gedichten, foardrachten, ferskes en ferhalen belústerjen fan ús gastartysten. En dêrnei is it poadium wer foar elkenien iepen tidens de open mic, dus hast ek in gedicht dat heard wurde moat, dan is dit dyn kâns!

Doar: 19:30 uur
Start: 20:00 uur
Ein: 21:30 uur
Entree: gratis