SHIFT: Sarah Janneh / NITE - Brabo Leone

Kaartstjes via De Harmonie

Fan Brabant oant Sierra Leone: in muzikale reis

Teatermakker Sarah Janneh, fêst ensemblelid fan NITE, komt mei har earste solofoarstelling nei De Harmonie. Yn Brabo Leone ûndersiket se wat ‘thús’ betsjut: fan it Brabantske karnaval oant de strjitten fan Johannesburg en it hûs fan har heit yn Sierra Leone. Hypemuzyk, tichtby en urgent. In oprjocht earbetoan fan har en har band oan de syktocht nei oansluting.

Yn har solo-muzykfoarstelling nimt Sarah Janneh dy mei op in persoanlike en muzikale reis. Se fertelt oer har syktocht nei wat it betsjut om earne echt by te hearren. As bern fan twa wrâlden – Brabant en Sierra Leone – fielde se har faak fongen tusken utersten. Tussen swart en wyt, stil en lûd, fertriet en lok.

Mei sang, ferhalen en refleksje bringt Sarah dizze wrâlden byinoar. Yn stee fan foar ien kant te kiezen, omearmet se krekt de rykdom fan al dy tsjinstridichheden. Elk liet fielt as in brief út in oar haadstik fan har libben. De muzyk is waarm, earlik en fol gefoel. Do hierst ynfloeden út har jeugd yn Nederlân, mar ek út de strjitten fan Johannesburg en út har famyljeskiednis yn Sierra Leone.

Sarah Janneh is sûnt 2022 fêst ensemblelid fan NITE, in selskip dat bekendstiet om syn enerzjike en fernijende totaalteater. Yn dizze produksje lit se har stim en har ferhaal hearre. Njonken har wurk op it poadium kinst har miskien kenne fan searjes lykas Het Klokhuis, Anne+ of Tropenjaren, of fan har kollums en sosjale media, dêr’t se har útspricht oer ûnderwerpen lykas body positivity.

Brabo Leone is in echte NITE-produksje: muzikaal, tichtby en aktueel. De foarstelling is meartalich en mei boppetekst, dus tagonklik foar in breed publyk. Do hoechst de taal net te sprekken om rekke te wurden.

Dizze foarstelling is in earbetoan oan alle minsken dy’t har wolris tusken twa wrâlden fiele. In waarme, persoanlike ode oan it finen fan dyn plak – en oan it idee datst net hoecht te kiezen, mar bestean meist yn it midden.

Lit dy meinimme troch de krêftige stim en it iepen hert fan Sarah Janneh.

Dizze foarstelling is ûnderdiel fan SHIFT, in inisjatyf fan Explore the North en Stadsschouwburg De Harmonie.
Ungepoleiste poadiumkeunsten: rau, earlik, aktueel en fersteurend. By SHIFT komst om’tst witte wolst wat der spilet: yn dyn holle, yn ‘e wrâld, mei de oar, mei dysels, op makro- en mikronivo. Foar nijsgjirrige tinkers en krityske dreamers. It hiele jier troch fynst hjir op wikseljende lokaasjes foarstellingen dy’tst sjoen hawwe moast, bûten de fêstleine paden fan it teater. Fan spoken word oant postmoderne dûns. Fan teatraal pamflet oant poëtysk rekwiem. It binne foarstellingen fan jonge én mear fêstige makkers dy’t hjoeddeistige ûnderwerpen oansnije en nei de takomst sjogge.