SHIFT: Nastaran Razawi Khorasani - HeartBeats

SHIFT
Stadsschouwburg de Harmonie
Kaartsjes via de Harmonie

In ferbylding fan it net te begripen

HeartBeats is basearre op petearen dy’t Nastaran fierde mei in terminal sike leeftydsgenoat. Hoe sjocht dizze frou – krekt as Nastaran in jonge mem fan twa bern – nei it libben? Hoe bringt se har dagen troch? Wat binne har langsten, wol se wat neilitte? Betsjut de dea foar har in ein of sil se op oare wize trochlibje?

Nastaran: “No’t ik sels bern haw, fernim ik hoe kwetsber it libben is. Myn eangst foar de dea is grutter as ea. Hoe te libjen? Sy wie myn antwurd.”

Tegearre mei it team efter har suksesfolle foarstellingen Songs for no one en This is not a dance, makket Nastaran in dokumintêre, fysike en byldzjende foarstelling. De stim fan de frou, it ljocht en de muzyk folgje as it wiene in eigen hertslach yn in trochgeande feroarjende romte dy’t in wrâld foarby de dea ferbyldet.

Oer Nastaran Razawi Khorasani
Mei Songs for no one wûn Nastaran twa kear de BNG Bank Theaterpriis (2020 en 2021). De foarstelling waard selektearre foar it TheaterFestival Vlaanderen 2022 en Theater der Welt yn Frankfurt-Offenbach 2023. Yn 2023 waard se nominearre foar de Gieskes-Strijbis Podiumpriis. This is not a dance is nominearre foar de VSCD Mime/Performance Priis 2024. Nastaran har wurk wurdt nasjonaal en ynternasjonaal presintearre, ûnder oaren op it Transform Festival yn Leeds, Theater Commons Tokyo, Indonesian Dance Festival yn Jakarta en op it FOG Festival by de Triënnale fan Milaan. De kommende jierren is se ûnderdiel fan de makersmienskip fan Theater Rotterdam.

Dizze foarstelling is ûnderdiel fan SHIFT, in inisjatyf fan Explore the North en Stadsschouwburg De Harmonie.
Ungepoleiste poadiumkeunsten: rau, earlik, aktueel en fersteurend. By SHIFT komst om’tst witte wolst wat der spilet: yn dyn holle, yn ‘e wrâld, mei de oar, mei dysels, op makro- en mikronivo. Foar nijsgjirrige tinkers en krityske dreamers. It hiele jier troch fynst hjir op wikseljende lokaasjes foarstellingen dy’tst sjoen hawwe moast, bûten de fêstleine paden fan it teater. Fan spoken word oant postmoderne dûns. Fan teatraal pamflet oant poëtysk rekwiem. It binne foarstellingen fan jonge én mear fêstige makkers dy’t hjoeddeistige ûnderwerpen oansnije en nei de takomst sjogge.