Nomadisch monument voor Gaza

Festivalwykein
De Harmonie
Entree Fergees

Râneprogramma mei ûnder oare Salih el Saddy en Eelko Hooijmaaijers

Fan 18 o/m 22 novimber is Nomadysk Monumint foar Gaza te sjen yn Stadsschouwburg De Harmonie yn Ljouwert, as ûnderdiel fan Stadshart en it Explore the North Festival. It Nomadysk Monumint foar Gaza is in inisjatyf fan Haachske keunstners en arsjitekten as reaksje op de genoside yn Gaza. Mei it reizgjende monumint wurdt jild ynsammele foar de HOPE Foundation, dy’t de ferwoastge basisskoalle en de Academie voor Jong Talent wer opbout.

HOPE wurket al 33 jier mei bern yn Gaza dy’t oarlochstrauma’s en ferlies ûnderfine, fia lessen yn ferskate keunstfoarmen, tegearre mei lokale keunstners en dosinten. Sa’n sechtich meiwurkers berikke eltsen dei likernôch tûzen bern, ûnder beskerming fan it Nederlânske Reade Krús en de Palestynske Reade Healmoanne. It monumint nûget út om stil te stean by de slachtoffers yn Gaza.

Keunstner Ingrid Rollema ûntbleatet it monumint op tiisdei 18 novimber om 18.30 oere. It reizgjende keunstwurk bestiet út filte pylders mei mear as 65.000 ynbrânde strepen – ien foar elke omkommen Palestyn. Alle dagen om 17.00 oere fynt in ritueel plak dêr’t nije nammen tafoege wurde. Om it monumint hinne is in râneprogramma mei lêzings en film.

It programma
Yn de dagen dat it Monumint foar Gaza yn De Harmonie te sjen is, binne der ferskate programma’s rûn it tema te besykjen.

Tiisdei 18 novimber
Iepening ynklusyf lêzing
18.30: iepening troch Ingrid Rollema
19.30: lêzing troch Salih el Saddy – Vandaag was weer erger dan gisteren
Oanmelde foar dizze lêzing yn De Harmonie

Woansdei 19 novimber
14.00: filmhús Slieker – Put your soul in your hand and walk
16:00, 16:20 & 16:40 – Talks by it keunstwurk de D9T (Rachel’s Tribute)
17.00: Ritueel fan Herdenking – Ingrid Rollema

Tongersdei 20 novimber
17.00: Ritueel fan Herdenking – Ingrid Rollema
20.30: histoaryske lêzing – Eelko Hooijmaaijers
Oanmelde foar dizze lêzing yn De Harmonie

Freed 21 novimber
17.00: Ritueel fan Herdenking – Ingrid Rollema

Sneon 22 novimber
17.00 – Ritueel fan Herdenking – Ingrid Rollema

Gaza ‘ynstappe’
Langs sêfte filte pylders fan trije meter heech stapst do de Gazastrook yn. De pylders steane opsteld yn de foarm fan Gaza. Troch de eigenskippen fan it fielt is it lûd dempt. Under dizze stilmakke romte leit in flierkleed mei dêrop de plattelânkaart fan Den Haag en omkriten, fan Hoek van Holland oant Noordwijk en, op it smelste stik, fan de kust oant de Hofvijver, krekt sa grut as de Gazastrook.
Binnen yn it monumint wurdt elk slachtoffer herdacht mei in hânmjittich ynbrânde streep yn it fielt, dy’t de wearde en kwetsberens fan minsklik libben tastber en ynfielber makket. It Nomadysk Monumint foar Gaza nûget dy út om stil te stean by it minsklike drama dat foar ús eagen ûntfoldet.