Joost Oomen & Kruidkoek - ESNS 2026

Kaartsjes via ESNS

Nei in súksesfol rûntsje troch de teaters binne Kruidkoek en Joost Oomen klear mei sittend publyk. Net sa frjemd, want de nûmers dy’t se meitsje binne eins tige geskikt om op te dûnsjen. Dat is by poëzij fansels meastal net de bedoeling, mar by dizze jonges krekt wol!

Kruidkoek en Joost Oomen makken yn 2017 de muzykale poëzyshow Vruchtjes Eten. Se spilen de premjêre by ús op Explore the North, wêrnei 3voor12 skreau: “It liket noch it meast op in ontspoard berne-tillefyzjeprogramma, wêrby’t Joost as in soarte fan Willy Wonka al syn ûnderhearrigen orkestrearret yn in poëtyske gaos.” Wat dêrnei folge wie in toer lâns hast alle Nederlânske teaters, optredens op Oerol, Noorderzon, de Parade en Lowlands, twa ekstra foarstellings (Tuut tuut kwantumschuim en Liefde in tijden van hopjesvla) én foaral in enoarme samling nije nûmers.

De bêste fan dy nûmers binne no byinoar brocht yn in show dêr’t einleas op beweegd wurde mei. Dus doch wat knibûgingen as warming-up, yt in banaan of nim noch in likje, en stoart dy yn de wervelstoarm dêr’tst ek noch in tûmke omheech foar krijst fan dyn Nederlânske learaar.

Tidens Explore the North Festival wie al in earste preview te sjen fan dizze show, dy’t troch in protte besikers as hichtepunt fan it festival bestimpele waard. Dat de show op ESNS 2026 in feestje wurdt, stiet dus fêst!