Op 31 oktober is it Halloween, de jûn fan grizeljen en horror. En spesjaal foar dizze grizeljûn hawwe wy in bysûnder diner foar dy taret. Mét horrorfilm!
Kom mei ús tegearre sjen nei The Menu, regissearre troch Mark Mylod, mei Ralph Fiennes, Anya Taylor-Joy en Nicholas Hoult. De film fertelt it ferhaal fan in jong pear dat, mei in selekte groep gasten, ôfreist nei in eksklusyf restaurant op in ôflein privee-eilân. Al gau nimt it diner in tsjustere wending, en eltse gong bringt nije en ûnferwachte ferrassings mei him mei.
Wylst de spanning op it skerm oprint, litte ús chefs dy genietsje fan de fynste Podium Explore-keuken – spesjaal gearstald foar dizze Halloween-jûn.
Let op! It iten wurdt tsjinne ûnder de film, dus kom op ‘e tiid foar de start om 18:30 oere!
Doarren iepen: 17:00
Start film: 18:30
Doer: 107 minuten
Priis: €25 per persoan
It diner is 100% vegetarisch