Tsjin de stream yn
Wat bart der ast tsjin de stream yn swimst? Yn in wrâld dêr’tst samar mei lutsen wurdst troch nijs, algoritmen, hoopleaze foarsizzingen of in tram dy’t no ienris syn rails folget, siket generaasje Z nei hâldfêst. Of op syn minst nei in manier om oerein te bliuwen. Daniëlle Zawadi – skriuwster, spoken word-performer en literêre stim fan har generaasje – sjocht yn har nije foarstelling ‘Bewijs maar eens dat we ooit een rots waren’ mei poëtyske blik nei dy syktocht.
Tegearre mei jazzdrummer Kobe Gregoir, lûdskeunstner Laura Kampman en ûntwerper Elsemarijn Hijweege weeft se in multymediale keunstfoarming dêr’t alles kloppet: poëtyske foardracht, muzikale spanning, byld, en in yntelliginte foarmjouwing fan dekôr en kostúm. De foarstelling waard makke by it Amsterdamske produksjehûs Frascati en set dit neijier – tsjinwyn of net – koers nei it Noarden.
Oer Daniëlle Zawadi
Daniëlle Zawadi (1999) skriuwt proaza en treedt op mei spoken word, wêrby’t se de belibbingswrâld fan Gen Z beljochtet as twaddegeneraasje Nederlanner mei Kongoleeske woartels. Ek is se literêr programmamakker by ûnder oaren Poetry International en Crossing Border, en oprjochter fan spoken word-platfoarm Het Zwarte Schaap yn Den Haag. Se wûn ferskate priizen, wêrûnder de BIPOC Voice Award yn 2020. Mei de foarstellingen ‘Alstublieft, Zawadi’ en ‘Ondervonden’ stie se earder op Oerol.
Taal: Nederlansk
Credits
Tekst, film, konsept & rezjy: Daniëlle Zawadi
Drums: Kobe Gregoir
Lûdspoëzy & audiokollaazjes: Laura Kampman
Kostúm & dekôr: Elsemarijn Hijweege