Nik Rajšek - KINK 

Festivalwykein
Het Ruim
Kaartsjes

Underdiel fan ús Kruipdoorsluipdoor-programma. Meer info.

Snein 23 novimber om 12:30 en 13:30 oere

In solo oer kontrôle: dernei langje, der tsjin stribje, it ferlieze.
Yn de foarstelling KINK ûndersiket Nik Rajšek de kontrôle op it poadium as sawol in driuwende krêft, as in punt fan ynstoarten. It lichem draait, lûkt him werom en lit him hearre yn in trochgeande spanning tusken dominante en oerjefte. Beweging en muzyk wikselje inoar ôf en foarmje inoar yn in feroarjende dialooch. Besjoen wurde wurdt sawol in bedriging as in sensaasje, in reaksje op it ûnbehagen fan eksposysje en it geheime plezier fan mear wolle.

KINK nûget it publyk út yn in prikkeljende macht-dynamyk wêrby kontrôle twifelich makke, dield en trochgeand op ’e nij definiearre wurdt.

Credits
Choreografy en performance: Nik Rajšek
Muzyk: João Brito
Ljochtûntwerp: Nik Rajšek, Loeki Wieferink
Kreatyf produsint: Moreen Beentjes
Fideo/Registratie: Jelmer Buitenga/OOSTBLOK
Coproductie: Grand Theatre Groningen, Ward/Ward
Mei stipe fan: Station Noord
Mei tank oan: Roni Haver, Angela Herenda, Adam Peterson

Oer de maker
Nik Rajšek (1993, Slovenië) begon syn dûnsûnderwiis yn 2007 oan it Art Gymnasium for Contemporary Dance yn Ljubljana. Yn 2011 set er syn stúdzje troch oan de Amsterdamse Hogeschool foar de Kunsten – Modern Theatre Dance, wêr’t er yn 2015 ôfstudearre. Tidens syn stúdzje liep er stazje by Club Guy and Roni yn Grins as ûnderdiel fan de Poetic Disasters Club. Sûnt 2015 wurket Nik gear mei Ann van den Broek yn har gezelschap WArd/waRD. Yn 2025 begûn Nik oan in trijejierrich ûntwikkeltraject by Station Noord as ien fan de nije artysten en sloech in nije kreative wei yn, wêrby’t er him rjochte op it ferkennen fan syn eigen artistike stim en it op ’e nij definiearjen fan wat dûns foar him betsjut.

Station Noord Hub
Dit projekt is ûnderdiel fan de Station Noord Hub, dêr’t Explore the North jierliks talintfolle makkers út dit netwurk presintearret binnen de festivalperioade.