Underdiel fan ús Kruipdoorsluipdoor-programma. Meer info.
Snein 23 novimber om 15:30 oere
In ode oan de frjemde mins
Tidens de skoalmusical yn groep acht droech dichter en selsferklearde ‘rare frou’ Jaimy Hindriks har trui binnenstebûten en efterstevoren, en ferjit har tekst. Tsjintwurdich fielt it libben noch altyd binnenstebûten en efterstevoren, mar ynmiddels hat se sels de regy oer har wurden naam.
De poëtyske foarstelling Een augurk reist met de trein is in syktocht nei ferbining, nei it finen fan skientme yn it wêze fan in sukkelaar. Se bringt in ode oan de frjemde mins en ûndersiket ús neiging om it libben te begripen, wylst krekt it ûnbegrypbere moai is.