Underdiel fan ús Kruipdoorsluipdoor-programma. Meer info.
Sneon 22 novimber om 15:00 en 16:00 oere
Hannan van Rooij – Ik wilde met het duingras praten
Hannan van Rooij (24) is poadiumdichter wenjend oan de râne fan Grins. Mei in tas fol stúdzjes yn ferpleging, etyk, religy en kultuer ûnder de earm rint se no troch de strjitten mei besykjen om fan de deistige dingen poëzij te meitsjen. Se skriuwt ûnder oare as wykdichter fan Vinkhuizen en hûsdichter fan de Ryksuniversiteit Grins.
Earder dit jier makke se al yndruk tidens Woorden op Woensdag, en no komt se mei in try-out fan Ik wilde met het duingras praten, wêrby’t se poëzij kombinearret mei audio en muzyk makke yn gearwurking mei Sebastiaan Wiering.