Protestsongs fan jonge skriuwers
Is it in konsert? In lietjesprogramma? In muzykteäterfoarstelling? In poëtyske yndy non-opera? Wis is: dit nije projekt fan de Jonge Skriuwers is net yn ien wurd te fangen. Fjouwer jonge skriuwers tusken de 15 en 18 jier makken elk in tal protestsongs. Se joegen wurden oan dingen dêr’t se har lilk om meitsje, dêr’t se bang fan wurde of dy’t se feroarje wolle. Oer it rjocht te wêzen wa ‘ tst bist, oer it libben fan in jonge dat folslein ûntspoart omdat er gjin eigen wenning hat. Oer in frou dy’t ien dei in man wêze wol. Oer rasisme en wat dat docht mei in jong libben. En noch folle mear.
Harren wurden krije in krêftige muzikale foarm, útfierd troch in fjouwerkoppige profesjonele bân. In rauwe, earlike en meislepende produksje dêr’t de jonge, proteststim lûd en dúdlik yn klinkt!
Oer Jonge Skriuwers
Explore the North en Meeuw jonge teatermakkers liede talintfolle auteurs (14 -18 jier âld) út Fryslân op. twaris jiers start in lesse-rige dêr ’t dizze skriuwers yn de dop troch saakkundige dosinten alderhanne aspekten fan it skriuwerskip yn bybrocht wurde. de jongeren leare earst algemiene feardichheden fan it skriuwersfak en komme yn’e kunde mei ferskate sjenres lykas toaniel, proaza en poëzy.
Credits
Jonge schrijvers David Gil Bisschop, Rixt Siderius, Bastiaan Okkema en Rowan Vis | begeleiding Jonge schrijvers Arnold de Boer en Koen Frijns | muziekcomposities en muzikale leiding Mats Voshol | band Renske de Boer, Junior Effah-Bekoe, Bram Wassink en Mats Voshol | regie Carlo Scheldwacht | vormgeving Josefine Smit | geluid Bonne van der Wal | licht Koos de Vries | productie Esmee de Haan | artistieke en zakelijke leiding Hilde Mulder | in samenwerking met Explore the North – Marleen Nagtegaal, Coco de Haas | grafische vormgeving Wikke Meinsma | fotografie Tryntsje Nauta