eindejiers konferinsje on steroids
Funny Bergman hat besletten elkenien de wierheid te fertellen, want de wierheid bestiet faak út alle kanten tagelyk. Ik bin Funny is in talige solofertsjinst mei in heech tempo, in soarte fan Jierferdôgingskonferinsje op steroids, dêr’t tema’s lykas gender, polityk en seksualiteit yn in hels tempo de seal yn smiten wurde.
Funny Bergman set it libben útinoar, ûntregelt en makket ûngemaklik, oant bliken docht dat it grutste ûngemak wierskynlik yn F. Bergman sels skûlet. As reïnkarnatie fan de midsieuske nar stelt Funny de fraach: wa bist as do de tsjustere kant fan dysels omearmst? Wa bisto oars wol? Dus kom nei Podium Explore om mei Funny de nijjierswikseling al op gepaste wize te fieren op sneonjûn 22 novimber.
“Roos maakt als Funny een soort hyperactief punkcabaret, waarmee ze je eerst ontregelt, misschien zelfs irriteert, maar uiteindelijk toch inpakt met haar openhartige en originele performance. (...) Haar voorstelling gaat uiteindelijk ook over de grens tussen zelfliefde en zelfhaat. Wanneer is ‘gewoon een grapje’ gewoon geen grapje meer?” – de Volkskrant ★★★★★
Credits
Konsept: Bibi Roos
Mei tank oan: Sjaan Hofstede
Regy: Donny Ronny
Oer de makker
Bibi Roos (2001) studearre yn ‘e simmer fan 2025 ôf as toanelschriuwer oan de oplieding Writing for Performance by de HKU. Se makket it leafst absurdistysk wurk oer Bijzonder Vreemde Personen en Dingen en is entertainer, winner en performer yn in protte opsichten. Har wurk wie te sjen op ûnder oare Lowlands en Oerol en as Funny Bergman stie se dit jier mei har foarstelling Ik ben Funny op de Parade.