De sêfte krêft fan sechtjin drummers
Stel dy foar: as jonkje fan sân jier giet by de drumband yn Makkum. Goed fjirtich jier letter as muzikant en sjonger de hiele wrâld ôfreizge mei dyn eigen repertoire, dêr’tst it Frysk en meartaligens mei op ’e kaart set hast. Wat dochst dan as’st wer yn Makkum telâne komst? Krekt, mei deselde drumband in tsjerke yn dûke om tegearre in plaat op te nimmen. Dat is krekt wêr’t Zea, alias Arnold de Boer, ferline maitiid drok mei dwaande wie. Op ús festival presintearret er syn tredde Frysktalige album, In lichem fol beloften.
Foar wa’t him ôffreget: ja, de sechtjin slachwurkers fan Drumband Hallelujah Makkum komme mei it poadium op (ynklusyf Arnolds eigen heit, dy’t no 81 is!). Krekt as klarinettist Xavier Charles, cellist Harald Austbø en drumster Ineke Duivenvoorde, mei wa’t Zea op Oerol al in betoverjend foarproefke joech fan syn nijste geastesbern. Yn Zea-lân hat alles mei alles te meitsjen en falle barrens, plakken, muzyk, taal, tekst en byld op magyske wize gear. De Fryske teksten fan De Boer binne poëtysk; se sette faak in prachtich kontrapunt n geane har eigen paad lâns de rannen fan de muzyk. Pikefel garandearre.
Taal: Frysk
In lichem fol beloften wurdt útbrocht op 7 novimber. Op LP, CD, digitaal en as boek (80 siden) troch Makkum Records en yn gearwurking mei Subroutine (MR 44 / SR 134), Explore the North en Popfabryk.