Mei trije nije makers: Maha Eljak, Sybren van der Velde en Caillyn Vos. Fanút Explore the North begeliede wy dit jier Maha Eljak.
Tweespraak is in inisjatyf fan seis kulturele organisaasjes yn Ljouwert, dêr’t keunstners stipe wurde by it meitsjen fan nij ynterdissiplinêr wurk. Mei in spesifike fokus op ûntwikkeling en profesjonalisearring wurde makers gedurende it hiele trajekt begelied op basis fan harren behoeften, wêrby’t se rekkenje kinne op de ekspertize fan twa organisaasjes. It wurk wurdt oan it ein fan it trajekt toand by keunstenfestival De Broeikas op 31 oktober.
Bliuw op de hichte fan de lêste updates en folgje de projekten fan de makers fia de platfoarms fan alle partners: Explore The North, Popfabryk, VHDG, New Noardic Wave, Tryater en Keunstwurk.