By Explore the North Festival binne guon programma-ûnderdielen allinnich te besykjen nei oanmelding. Om dy oan te melden, hoechst allinnich mar in fergees kaartsje te claimen foar it tiidslot fan it programma-ûnderdiel datst besykje wolst. Dêr binne gjin ekstra kosten oan ferbûn. Hjirûnder fynst alle programma-ûnderdielen dêr’tst dy foar oanmelde kinst.

Kinst net op dyn reservearre tiidslot komme? Jou dat dan graach oan ús troch fia info@explore-the-north.nl, dan soargje wy derfoar dat it plakje wer frijkomt.