Oeral wolle wêze, útsein hjir en no. Hoe grimmitiger de wrâld, hoe mear minsken sykje nei ‘wat betters’, wat oars of wat nijs. Wat der no kloppet net, mei net of kin net. En dus sjitte we alle kanten út. Wy flechtsje yn eartiids, yn fertroud, yn radikaal oars, yn in takomst dy’t better wêze kinne of moatte soe. Wy flechtsje nei oare wrâlden, planeten, de fantasy, religy. Steven Spielberg is werom mei in nije film, de histoaryske helden fleane je om de earen op Netflix, it sjenre klimaatfiksje is yn opkomst en folkloare klinkt as nea tefoaren yn de muzyk fan no. Wat sykje wy? En wêr? En foaral: wêrom?

Mystici besykje hjir al iuwenlang antwurd op te jaan. Faak fuortset as faach, gek of licht, lykje har ferhalen tiidleas en stekke se hieltyd wer de kop op. Mar hoe krije dizze ferhalen in plak op ús festival anno 2026? Wis, we geane de djipte yn (of de hichte, watst wolst), en we sweevje, mar dan wol ravjend, kritysk en kompleet yn it hjir en no. Want as we der dan dochs binne, litte we der dan ek gewoan in feestje fan meitsje. Dus kom aanst, of aanst no, of no aanst, nei Explore om dyn ûnbewuste sels, dy manifestearre sels, dyn wiere aard en de folslein oare te finen en écht te begripen.

“De wrâld is hielendal gek wurden.” – Lieke Marsman