Nije nammen foar Explore the North Festival: De Seizoenen mei Ester Naomi Perquin, Max Temmerman en Marie François, MAYA MARI, Housepainters en noch folle mear!
16 Sep 2026

It Explore the North festival komt hieltyd tichterby! En dêrby hawwe wy alwer in nij rige programma foar jimme.

De Seizoenen met Ester Naomi Perquin, Max Temmerman & Marie François, De Literaire Kerkdienst met Laurin Nargy, Sarah de Koning, Bob Vanden Broeck en Paul van Dijk * Vind het licht * Rinske Bouwman – De Mismis * Brik Tu-Tok * N I T E F I S H * Karla da Silva * MAYA MARIA * Housepainters * J.M. Baccus * Sanam Tahmasebi – Light Has Teeth *

Foar mar leafst €60,50 kinst it hiele wykein fan 20 o/m 22 novimber genietsje fan alles wat ús programma te bieden hat! It jongeren wykeinkaartsje (o/m 25 jier en studinten) is €28,50. Mochtst net by alle dagen wêze kinne, kinst no ek in deikaart keapje. In freedskaartsje kostet €33,50, in sneonskaartsje €38,50 en in sneinskaartsje €30,50.

Mear oer dizze nije nammen!

De Seizoenen met Ester Naomi Perquin, Max Temmerman en Marie François is in aventoerlike, eigentiidske jiersyklus wêryn muzyk, poëzy, yllustraasje en performance samensmelten oant ien 360° keunsterûnderfining. Se helje de ikoanyske pianosyklus fan de Russyske komponist Pjotr Iljitsj Tsjaikovski dy’t foar alle moannen in muzyk stik komponearre werom en jouwe it in poëtyske azem. Sanam Tahmasebi – Light Has Teeth bewege fokalist en komponist Sanam Tahmasebi en dûnser Morrowatian troch in dreamritueel wêryn’t stim, har, lûd en live projektearre byld hieltyd fan funksje feroarje. Brik Tu-Tok paradearret sûnder gêne oer de catwalk fan it libben klaaid yn geheimsinnige reek en hystearyske neon glitteroutfits.

MAYA MARIA wit as hjoeddeiske sirene har publyk te hypnotisearjen en mei te lokjen nei oare wrâlden, as multydissiplinêre makker en artdirector skept se mei ferliedlike avantgarde art pop en alt-R & B romten dêr’t alles mooglik is. By De Literaire Kerkdienst met Laurin Nargy, Sarah de Koning, Bob Vanden Broeck en Paul van Dijk leauwe se yn poëzy, yn it wurd. Yn De Grutte Tsjerke hâlde dizze skriuwers dêrom in literêre tsjerketsjinst foar alle (ûn)leauwigen dy’t treast sykje, leaver op in oare planeet wenje soene as op dizze blauwe rotknikkert of no einlings ris har libben betterje wolle. Yn Vind het licht makkest yn in selekt selskip in tocht troch de krochten fan in enoarme tsjerke, op syk nei de hillige ôffurdigen fan de poëzy.

N I T E F I S H komt yn ferset en sûget er alle oandacht op fan dy ferflokte telefoan yn ‘e hân, mei in goare switterige miks fan gabber, trance, punk rap en drum & bass. Karla da Silva is de keninginne sûnder kroan fan ‘e hjoeddeiske samba, ien dêr’t sels de meast stigge Hollânske heupen loskomme fan wille. Har muzyk is in útnûging om te dûnsjen oer de brêge tusken Afro-Braziliaansk muzikaal erfgoed en de krêftige frou dy’t sy yn de rin fan har karriêre wurden is. Housepainters bringe in yntrigearjend muzikaal kleurepalet dat sawol tsjuster as dûnsber is. J.M. Baccus snakt nei ûnstjerlikens en as in wiere filosoof stelt er syn harkers op ‘e proef mei syn meanderjende poëtyske teksten, stipe troch wiisheid weromgeand nei de âlde Griken. Yn de teäterfoarstelling Rinske Bouwman – De Mismis bist ta beslút te gast op in digitaal klupfeest en dûns dy tusken de tigers!

Programma oant safier:

@ * Alabaster DePlume * Aunty Rayzor * Begeester Mij * Brik Tu-Tok * Club Guy & Roni, Boris Acket & HIIIT – The Current * Dans!Dichter!Dans! – Het Poëtisch Orakel * De Literaire Kerkdienst met Laurin Nargy, Sarah de Koning, Bob Vanden Broeck en Paul van Dijk * De Poezieboys * De Seizoenen met Ester Naomi Perquin, Max Temmerman en Marie François * De Verwonderkamer * De Zweefclub * Devin Shaffer * E’DU & JUDGITZU * Ellemieke Meijers – U heeft ergens last van * Emma Tijssen – Het gevaar van rechte lijnen. * Esmé van den Boom * Fox Paloma * Frans Kalf * Housepainters * HYPERPOËZIE – PROTECT ME FROM WHAT I WANT * J.M. Baccus * Joshua Idehen * Karla da Silva * Louis Ottley * MAHA * MAYA MARIA * MAYTE * Mees van Rijswijk – AAAARGH * N I T E F I S H * Rinske Bouwman – De Mismis * Sanam Tahmasebi – Light Has Teeth * Sarathy Korwar * Vincent Swierstra – De Magiër * Vind het licht * XTC in the XIV * YATTA