Maha Eljak (Snits, 2001) is in multidissiplinêre maker dy’t wurket mei muzyk, tekst en byldzjende keunst. Yn har wurk ûndersiket se tema’s as identiteit, diaspora en ferset. Mei har zine Mahazine makket se romte foar ferhalen en perspektiven dy’t faak ûntbrekke en trochbrekt se dominante bylden en stereotypen. De ôfrûne jierren lei har fokus benammen op zines en byldend wurk, mar op dit stuit is se hieltyd mear dwaande mei muzyk en it ûntwikkeljen fan har eigen lûd. Se wurket oan in nij projekt dêr’t alles yn gearkomt: in EP en in nije edysje fan Mahazine. Dêryn ûndersiket se ‘joy’ as eat dat bestean kin njonken pine en konflikt en krekt dêryn in foarm fan krêft en ferset wurdt.