De Harmonie is in ikoanysk gebou yn it midden fan de stêd Ljouwert. Yn dizze stedsskouboarch is romte foar yntime peareltsjes neist grutskalige produksjes. Hjir seagen besikers op foargeande edysjes fan ús festivalwykein bygelyks Vaudou Game, SOAK, Collectief MAMM en noch folle mear! Yn 2024 hawwe wy hjir programma yn sawol de Boppeseal as de Middenseal.

Adres Ruterskertier
4 8911 BP Ljouwert

De boppeseal en middenseal binne rolstoeltagonklik. Hjir fynst mear ynformaasje