Hillige objekten fan foarâlden fertelle ferhalen dêr’tst stil fan wurdst. Hypnotisearjende live act befreegje alles wêr’tst oait wis fan wiest. Holy shit, wat bart hjir? Jou dy oer oan ‘e grillen fan ‘e goaden by wûnderbaarlike performances fan keunstners, muzikanten en ferhalefertellers balansearjend tusken útferkarden en sûnders.

In literêre tsjinst ûnder lieding fan Jos Nargy foar (ûn)leauwigen en grienteplysje dy’t treast sykje yn de krêft fan it wurd. Bekering garandearre.

Togolese foardoo moetet hypermoderne elektroanika yn in koartsige trance fan polymetryske perkusje en fjurrige gearsang. Dit kinne je allinnich mar ûndergean.

Twa Flaamske en twa Noard-Nederlânske makkers dûke yn de myte om Mata Hari hinne en freegje har ôf: wa bepaalt wat wierheid is?

Slûp mei in selekt selskip troch de krochten fan de Grutte Tsjerke op syk nei flústerjende dichters. In flechtige kâns op ferljochting.

Sweedske fokalisten tille fjirtjinde-iuwske tsjerkelieten nei in psychedelyske koartrip fan polyfoany en elektroanika.

Achttjin skriuwers meitsje nije teksten by ‘hillige’ objekten fan Ljouwerters, sûnder te witten fan wa’t se binne. In moeting tusken objekt, makker en publyk.


Ast no lêst hast fan jokte of fan lichte, matige óf slimme fragen fan eksistinsjele aard: in team fan spesjalisten silst derby helpe yn ‘e PowerPoint-presintaasje-performance U hat earne lêst fan!


Wolst witte hoe’t dyn takomst derút sjocht? Oft dyn wiere leafde fine sil? Hoelang’t Trump noch presidint bliuwt? Ast stikem AI brûke silst foar dyn nije boek? Wêrom komkommers grien binne? Stel al dyn libbensfragen oan it poëtysk orakel!

De keninginne sûnder kroan fan ‘e hjoeddeistige samba is ien dêr’t sels de meast stive Hollânske heupen loskomme sille fan wille.


It kollektyf beweecht tusken muzyk, byldzjende keunst, ferhalen fertelle en ritueel en makket meislepende performances dy’t it publyk útnûgje yn in dielde romte fan harkjen, ferbylding en oanwêzigens.