De hiele drumband komt mei!
Minimalistysk, eklektysk en poëtysk, mei in frjemd rantsje. Dat is de muzyk fan Zea aka de Fryske singer-songwriter Arnold de Boer, ek frontman fan The Ex. Syn muzyk is yntym, oprjocht en poëtysk, dan wer tige enerzjyk, urgint, eigensinnich en dreaun troch synkopysk, transeftich gitaarspul. Syn nijste Frysktalige plaat In lichem fol beloften naam er op mei Drumband Hallelujah út syn bertedoarp Makkum, dêr’t ek syn heit fan 80 spilet. Goed nijs: de hiele fyftjinkoppige drumband komt mei nei Cultura Nova en dat is fanwege de grutte besetting fan dit selskip in unikum. Ferwachte in wûnderlike moeting tusken avant-garde en treoostryk ratteljende perkusje.